WAAROM DE EIKENBLADEREN ZULKE RARE INHAMMEN HEBBEN
FRIEZE VERSIE
Wêrom't de ikenblêden sokke rare ynhammen ha
De beammen wienen skepen en se begûnen alte waaksjen, mar doe moasten der noch blêden oan. De iene wist fan 'e oare net, hokke blêden as dy fan'e Skepper krige. Mar op't lêst, elk hie doch syn eigen en doe wie dat fan'e iik in moai rûn blêd.
Mar de iik tocht, altyd dy beammen keal by 't winter—dat wol ik net. Dat doe sei er: 'Ik woe by 't winter it blêd ek wol hâlde'.
'Dat kin wol', sei God, dat de iik hâlde de blêden en sa is de winteriik der kommen; it wie noch in moai, rûn blêd.
Mar doe kamen der ôfgryslike swiere winters. En de hagels sloegen op 'e blêden en huften der stikken út, en dêrtroch hat de iik no sokke rare ynhammen yn it blêd.
NEDERLANDSE VERTALING
Bij de schepping kreeg de eik ronde bladeren. De eik vond het niet leuk om kaal te worden in de winter, en daarom liet God hem zijn bladeren houden. Zo is de wintereik ontstaan. Maar er kwamen strenge winters, waarbij de hagel gaten in de bladeren sloeg. Daarom hebben eikenbladeren zulke rare inhammen.